ûnwaarsfugels
Op simmerjûnen helle ik dy op
yn'e bestelbak fan it wurk
Ik wit noch wol hoest iependiest
yn dyn moaie blomkesjurk
Faak rieden wy nei Harns
en sieten tegearre op'e pier
In protte wille yn'e jûnsinne
mei in fleske wyn of bier
Refrein:
De ûnwaarsfugels fleagen skreauwend
troch de loft oer ús hinne
Do krûptest my stevich oan
yn'e ûndergeande sinne
Mar no dochst of witst net mear
fan dy tiden fan alear
En de dreamen dy’t we hienen
it is krekt of ha se nea bestien
Dyn mem wie altyd lilk
as ik dy te let thús brocht
Soms midden yn'e nacht
en soms waard it al wer ljocht
Do sietst doe noch op skoalle
en ik wurke yn'e bou
Op'e pier dy iene simmer
beloofdesto my trou
Op in stuit wie it oer
doe'tsto smucht krigest op in oar
In dom figuer mei in Ford escort
en in baan op in kantoar
Ik tink wol ris as ik jim riden sjoch
wêr is it mis gong
Pasten wy net byelkoar
of wiene wy te jong
In dream
Ik wit noch wol fan eartiids mei ús pake op’e trekker
op lange simmerjûnen yn it hea
Fan ús beppe krige ik waarme molke sa farsk fan’e ko
en selsmakke tjiis op roggebrea
Ik hie lêst in dream
wêryn’t ús pake sei
Stap noch ien kear op’e trekker
en gean mei
Sjochst noch wol ris nei de planten
dy’t dêr blomkje oan’e wei
Of giet it oan dyn omtinken foarby
Allinnich wêze yn de natoer dêr kin ik somtiids fan genietsje
de stilte makket tinzen los by my
Doch ik it allegear wol goed, stribje ik noch dreamen nei
want de tiid dy giet sa machtich rêd foarby
Ik hie lêst in dream
wêryn’t ús pake sei
Stap noch ien kear op’e trekker
en gean mei
Sjochst noch wol ris nei de planten
dy’t dêr blomkje oan’e wei
Of giet it oan dyn omtinken foarby
In gedachte is as in drippel wetter en dat is einliks noch neat
mar de moaiste blom is ea begûn as sied
En sa’t ûntelbre drippels marren foarmje en marren wer in see
sa foarmet ek in gedachte soms in died
Ik hie lêst in dream
wêryn’t ús pake sei
Stap noch ien kear op’e trekker
en gean mei
Sjochst noch wol ris nei de planten
dy’t dêr blomkje oan’e wei
Of giet it oan dyn omtinken foarby
Somtiids as ik hiel wis bin
Dat eat net mear mislearje kin
Is it krekt oft ik tsjin in hurde muorre rin
In lyts boartsjen fan it lot
Sa tichtby mar dochs fier fuort
Krekt oft ien myn kaarten efkes skoddet
As eat oars giet as ferwachte
In feroaring fan lucht dy’t net te foarsizzen is
Is dan neat yn’t libben wis?
Is it krekt oft ik net allinnich bin
Mar it is hjir ferlitten dat ik wit net hoe’t dat kin
Oft ien efkes wille hat
Om’e dingen op myn paad
Krekt oft ien efkes mei my boartet
As eat oars giet as ferwachte
In feroaring fan lucht dy’t net te foarsizzen is
Is dan neat yn’t libben wis?
Reade Romke (tekst Folkert Oudega)
Se neame my reade Romke
Ik wurkje foar it Ryk
By de motorplysje
Meastiids by de dyk
Ik do myn wurk my wille
En ek neffens de wet
Ik ha in broer neamd Freddy, Freddy doget net
Sûnt wy jongens wienen
Wie der gauris wat mei Fred
Ik hie tsjinst en krige in oprop
Freddy hie rúzje yn’e stêd
As it in oare knaap is hâld ik my oan de wet
As it blykt dat it dyn broer is dochst krekt of sjogst it net
Mei Freddy leistje en sûpe
Nea smakke ea sa goed
As in bierke mei dyn eigen
Dyn eigen fleis en bloed
Slaanderij om in famke
Foar in oar troch it fjoer
Do grypst yn as der knoffelt
Dat docht eltse broer
Ik hie tsjinst en krige in melding
Earne yn myn wyk
In stekparty yn in motelbar
oan’e grutte dyk
In jonge slim ferwûne
Lei der op’e grûn
oan de tafel in gûlend famke
immen hie Freddy sjoen
Ik siet rêd wer op’e motor
Ride 180 yn it oer’
Op dat stuit tinksto net mear
It is dochs myn broer
Tichtby de Dútse grins
By it letste tankstation
Ride Freddy’s âlde Taunus
De grutte ljochten oan
Ik ha de motor stil set
En krekt sa lang wachte
Oant de speldeknopkes
Read weiwurden yn’e nacht
Ankelyn (tekst Folkert Oudega)
Yn dyn eigen lytse wrâldsje
hasto wille fertriet en pine
Net ien dy’t dat mei dy diele kin
want nimmen komt der yn
Mar bûten dêr is it fûleindich
mei beammen grut en grien
De blêden dy’t somtiids lústerje
ferwachtsje antwurd fan gjinien
Ankelyn
Op dyn eigen spoarke tuffest
hieltyd yn it rûn
Fan spoar feroarje hoecht net
sa komst altyd wer werom
Mar bûten dêr is it fûleindich
mei beammen grut en grien
De blêden dy’t somtiids lústerje
ferwachtsje antwurd fan gjinien
Ankelyn
Yn dyn blommetúntsje
rinst dyn eigen paadsje yn
Dat hast bestruid mei skulpkes
Der sjochst fierders gjinien
Mar bûten dêr is it fûleindich
rein en wyn dogge dy gjin pine
De sinne is dyn bêste freon
dêr kinsto it goed mei fine
Ankelyn